sponsoren

Der hiene noch wol in pear tennissers by kinnen woansdeitejûn. Dochs kin werom sjoen wurde op in slagge minitoernooi. Yn wikseljende gearstalling koe spile wurde yn sawol it inkel as it dûbel spul. Dennis sette mei faasje útein, mar de lêste partijen gie it wol wat minder. Minne blykte in taaien te wêzen. Hy pakte ûnmooglike ballen. Yn de lêste partij makke hy genôch punten om toernooiwinner te wurden. Fred moast der dûdlik earst wat yn komme. Geande wy kaam hy op dreef. By Piter gie it krekt oars om. Yn al dat geweld foel it foar Femke en Marike net ta. Yn de neisit waarden de prizen ûtrikt. It earste aai wie foar Minne mei 26 games, Dennis siet der deun efter mei 24 games. Fred is tredde wurden. Foar de oaren wie der in (drop) kaai as tagong nei sukses by in kommend toernooi.