Wommels – Wat wie it in spannende wike foar snein 31 augustus. Soe it reine, is de wyn hurder as 4 beaufort. Kinne wy it bûten hâlde of moatte wy nei de sporthal yn de Easterein. De organisaasje hat it der dreech mei, mar wat in prachtige dei! Sinne, in bytsje wyn en wat in moaie dielname fan 115 persoanen oan it 2e Iepen FK Pickleball.
De organisaasje wie yn goeie hannen by Robert, Sjoerd, Minne en Dennis!! (foto)
Troch Anna Marie Wijnia-Kuindersma
De Wommelser tennisferiening ‘Boskranne’ is al in pear jier dwaande mei it organisearjen fan Pickleball trainingen, clinics en wedstriden. De clinics wurde fersoarge troch foarsitter Minne Bouma, Dennis v.d. Meer en Robert Donath. Hja dogge ek mei oan ferskillende wedstriden yn it lân. Dit binne ek de organisatoaren fan dizze dei. De ledengroep Pickelballers groeit noch altyd. Der wurdt op tiisdei-, tongersdei- en sneintejûn fanôf 19.30 oere spile. Jong en âld docht mei. Foarich jier foar it earst it Iepen FK mei 52 dielnimmers, dit jier sels 115 persoanen.
207 wedstriden, 77 koppels
It is in hiele organisaasje. Sjoerd Postma en Minne Bouma hawwe de wedstriidlieding. De jongste dielnimmer is 8 en de âldste 70 jier. 21 leden fan de Boskranne, fierders dielnimmers út hast alle provinsjes útsein Seelân en Limburg. Twa Amerikanen en in ynwenner fan Turkije. In ploech út Haarlem, sa’n tweintich man/frou, is tongersdei al op de camping yn Wommels oankaam. Ut Metselwier komme ek sa’n tsien dielnimmers. Elkenien begjint de dei mei kofje/tee en natuerlik in stik oranjekoeke. De frijwilligers hawwe tsien fjilden ôfplakt op de tennisbanen. We begjinne moarns mei de Hearen en Dames dûbel. Trije ferskillen nivo’s 3.0-3.5-4.0. Amarins Tjalsma en Agnes Posthumus behelje yn de groep 3.0 de earste priis. Benthe Terpstra en Isa Bouma pakke it brûns. De Wommelser manlju komme net fierder dan in fjirde priis. By de junioaren sân Wommelsers en Benjamin Wesselink (8) út Diemen. De bern spylje in inkelpartij. De wedstriid om de tredde priis giet tusken Bouke Hitzert en Roan Terpstra. It giet moai gelyk op, mar Roan wint it mei 11-9 fan Bouke. De finale giet tusken Isa (12) Bouma en Benjamin. Isa komt earst royaal foar, mar Benjamin komt werom oant 9-9. Lokkich Isa kin dochs trochsette en wint mei 11-9, dus goud!
Miks toernoai Froulju-Manlju
De middeis it miks toernoai. Fjouwer pûls mei nivo 3.0 en 3.5. Prachtich spannende wedstriden. Aardich om te sjen dat der dan in grutte miks is fan jong en âld. En dat is ien fan de moaie dingen fan Pickleball. Anna Bouma behellet mei har maat Noah Washington út Den Bosch yn nivo 3.5 de twadde priis. Noah is de Nederlânsk Kampioen yn it inkelspul. Noah en Anna ferlearen fan Lina Lamineirinhas en Pim Huberts út Amsterdam. Pim is de Nederlânsk Kampioen yn it dûbelspul. Noah hat de Pickleball Power Academie mei privee trainingen, clinics en workshops. Robert Donath en Heidemariek Faber-Vos komme krekt twa puntsjes tekoart foar it brûns. In prachtige dei, tefreden spilers en organisaasje. Mei troch help fan ferskillende frijwilligers en de KF Wommels rint alles perfekt.
Kader
Wat is Pickleball: In dynamyske racket-/paddle sport dy’t eleminten fan tennis, badminton en tafeltennis kombinearret. Spile mei in paddle en in plestikbal mei gatten. It wurdt spile op in fjild lytser dan in tennisbaan (ca. 13,4×6,1 meter) mei in leger net en is populêr troch it rappe learproses en tagonklik foar alle leeftiden. It is momenteel de rapst groeiende sport yn Nederlân.